Ferkear stil om guozze-oerstek

02 maaie 2014 - 13:59
  • Guozzen

Rykswettersteat en de plysje hawwe freedtemiddei it ferkear op de A32 rjochting Ljouwert stilset om in famylje guozzen oerstekke te litten. De bisten sieten by Hearrenfean yn de berm en kamen de dyk mar net oer. Automobilisten gongen massaal op de rem en dat soarge foar gefaarlike sitewaasjes. Neidat it ferkear stil stie, is de guozzefamylje feilich oan de oare kant kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)