Ferkear stadiger oer Poastwei

16 jun 2010 - 11:31

Nettsjinsteande in soad protesten bliuwt de gemeente Opsterlân by it plan om it ferkear op de Poastwei nei De Himrik stadiger ride te litten. Omdat der mear as 25 beswieren binnen kamen oer de maatregels, sil de gemeente it plan wol oanpasse. Foar de minsken yn it doarp is it in wichtige wei, mar ek foar de podden dy't eltse maaitiid besykje om fan it iene nei it oare natoergebiet te kommen.

De gemeente lit it plan om de dyk heal ferhurde te meitsjen wol farre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)