Ferkear N31 wurdt omlaat

31 mrt 2007 - 12:25

De N31 tusken Surch en de Keningsbrêge yn Harns is oant moandeitemoarn 02.00 oere ôfsluten foar ferkear fanwegen wurksumheden. It ferkear wurdt mei buorden omlaat.

Under de brêge oer de Harnzerfeart wurde saken sloopt sadat der letter in nije brêge boud wurde kin. Neist de dyk fine grûnwurksumheden plak. De N31 wurdt ferdûbele. Ein 2008 moat de nije dyk klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)