Ferkear lêst fan tichte Wâldwei

12 des 2001 - 00:00

De Wâldwei hat woansdei foar in part fan de dei ôfsletten west foar it ferkear. In frachtwein mei dridze wie in stik fan syn lading ferlern. Earst waard besocht de dyk skjin te meitsjen.

Dat slagge lykwols net en doe is de wei yn de rjochting fan Drachten ôfset. De ynriden dridze is mei wetter fuortspuite. Foar it ferkear smiet de aksje in soad ûngemak op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)