Ferkear kin oer Fonejachtbrêge

25 okt 2005 - 17:06

Fan nije wike tiisdei ôf sil it ferkear op de Wâldwei foar it earst oer de nije Fonejachtbrêge by Garyp ride. Dy brêge is njoggen en in heale meter heech; dat is twa meter heger as de âlde.

Yn novimber wurdt begûn mei de sloop fan de âlde Fonejachtbrêge, dy't ek ferfongen wurdt troch in nijere en hegere. De bou fan de brêgen makket ûnderdiel út fan de ferdûbeling fan de Wâldwei, dy't yn 2008 klear wêze moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)