Ferkear hat lêst fan waar

04 feb 2003 - 00:00

It waar hat tiisdei foar in soad oerlêst foar it ferkear soarge. De plysje meldt dat der yn de hiele provinsje oanridingen wienen. Op de A7 by de ôfslach nei Hearrenfean-Súd wienen der ûngemakken. De brânwacht hat holpen de slachtoffers út de weinen te heljen. Ien persoan is slim ferwûne rekke.

Foar safier't bekend is, wie der by de ûngemakken inkeld blikskea. Glêdens is nei alle gedachten de oarsaak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)