Ferkear hat lêst fan snie

04 feb 2001 - 13:18

De snie hat sneon op de Fryske diken ta tsientallen ûngemakken laat. Yn 'e measte gefallen bleau it beheind ta blikskea. In stikmannich minsken moasten mei lytse ferwûnings nei it sikehûs.

Guon automobilisten kleie deroer dat der temin struiweinen ynset binne. Rykswettersteat seit mei tritich weinen de glêdens te bestriden. Bussen en treinen rieden mei lichte fertragings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)