'Ferkeapje Kabel Noord net'

24 jan 2010 - 15:52

Kabel Noord moat yn hannen bliuwe fan de gemeenten Amelân, Skiermûntseach, Dongeradiel, Dantumadiel en Kollumerlân. Dat advys jouwe de kolleezjes.

Ferkeap fan de oandielen smyt 15 miljoen euro op. Dochs binne de foardielen grutter as de gemeenten eigner bliuwe. Kabel Noord is net djoerder en ek it oanbod fan stasjons is net minder as dat fan partikuliere kabelbedriuwen. De rieden beslute meikoarten oer it útstel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)