Ferkeapers nepgoud aktyf by A7

03 jul 2009 - 09:50
  • De ring wie fan nepgoud

De plysje warskôget foar ferkeapers fan nepgoud dy't op sneldiken har sieraden besykje te ferkeapjen. It giet om East-Europeanen dy't sabeare maleur hawwe mei de auto. Tsjin foarby-gongers dy't help oanbiede, sizze se dat har creditcards net wurkje. Dêrop besykje se har sieraden te ferkeapjen.

Tongersdei bea in behelpsume autobestjoerder by Drachten dizze ferkeapers 20 euro oan. De ring dy't er as tank krige, blykte letter fan nepgoud te wêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)