Ferkeap swimbad Appelskea?

01 feb 2004 - 00:00

Ferkeap fan it swimbad fan Appelskea soe de finansjele problemen fan de stifting Swimbaden Eaststellingwerf foar in part oplosse kinne. De stifting hat trije swimbaden en ien sporthal yn behear, mar kampt mei jildgebrek.

Boppe-op de jierlikse subsydzje fan 415.000 euro is der fan 2005 ôf jierliks 83.000 euro ekstra nedich om de foarsjenningen iepen te hâlden. Tiisdei sille de politike partijen te set oer de subsydzje-oanfraach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)