Ferkeap struisâlt leit stil

17 jan 2007 - 22:32

Frisia Zout út Harns rint de ekstra ynkomsten út struisâlt mis no't de temperatuer fier boppe nul leit. Gewoanwei wurdt der winters foar sa'n 2000 frachtweinen struid.

By it bedriuw leit der lykwols genôch sâlt op foarried; sa'n 30.000 oant 40.000 ton. By need kin der ekstra sâlt út Dútslân helle wurde. De direksje hat noch net alle hoop op froast ferlern. Ferline jier wie it yn maart noch in skoft lang kleare winter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)