Ferkeap simmerhúskes stûket

10 okt 2011 - 17:24

Makelers op de waadeilannen wolle sa gau mooglik dúdlikens oer hoe heech de efrpacht wurdt. De merk foar rekreaasjewenten mei koart rinnende kontrakten leit op it stuit hielendal stil.

Huzebesitters sette de wente net te keap om't se net witte hoe heech de pacht wurdt. Potinsjele keapers keapje net om't se net witte oft se it húske aanst wol betelje wolle en banken ferstrekke fanwege de ûnwisse situaasje gjin hypoteek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)