Ferkeap racefytsen gigantysk

22 des 2009 - 20:46

Djoere racefytsen gean dit jier as waarme broadsjes oer de toanbank en dêr profitearret ek Koga Miyata fan. Dit jier binne yn totaal al 30.000 racefytsen ferkocht en dat is de helte mear as yn 2004. Dat komt mei troch de súksessen fan Nederlanners yn ynternasjonale wedstriden, mar ek trochdat der hieltyd bettere fytsen op 'e merk komme fan karbon.

Fierders past it yn de trend fan sûn libben en is it in griene hobby.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)