Ferkeap Oxxio goed foar Fryslân

29 jul 2006 - 11:05

Fryslân kin meiprofitearje fan de ferkeap fan enerzjybedriuw Oxxio oan in Ingelske ynvestearder. It enerzjybedriuw is acht jier lyn opset yn Drinte, mei jild fan de Noardlike ûntwikkelingsmaatskippij, de NOM.

Yn oerlis mei it ministearje fan Ekonomyske Saken wurdt der no 15 miljoen euro taheakke oan de saneamde Langmanjilden. Mei dy miljoenen kinne bygelyks nije akwadukten oanlein wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)