Ferkeap nije auto's giet min

01 jul 2013 - 12:21
  • Autokaai

It giet min mei de ferkeap fan nije auto's. Neffens de foarsizzingen wurdt dit it minste ferkeapjier sûnt 1969. Minsken lûke minder gau de beurs om in nije auto te keapjen. Jonge, twaddehâns auto's fleane wol de showrooms út. Benammen auto's fan net âlder as oardel jier binne populêr, want dy binne wol 25 prosint goedkeaper as in nije. In soad fan dy auto's wurde spesjaal út it bûtenlân helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)