Ferkeap Nestlé giet troch

03 jan 2006 - 12:03

De ferkeap fan it Nestlé-fabryk yn Boalsert oan de Dútske suvelkoöperaasje Hochwald giet definityf troch. De twahûndert wurknimmers kinne ûnder de nije eigner gewoan oan it wurk bliuwe. Dat seit direkteur Kolenberg fan Nestlé.

Nestlé wol him yn Europa konsintreare op heechweardige produkten as baby-iten, oploskofje en smaakfersterker. It fabryk yn Boalsert makket sûkere, kondinsearde molke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)