Ferkeap motoaren lûkt nei krisis wer oan

25 feb 2015 - 12:21
  • Menne Kooistra fan Kobo Motoren Drachten

Nei in lange tiid fan krisis wurde wer mear motoaren ferkocht. Út ûndersyk fan it CBS docht bliken dat it tal motoaren ferline jier yn Nederlân mei 12 prosint tanaam is. Motorhannelers lykas Kobo Motoren Drachten, Motorplaza Hearrenfean en Motorsintrum Fryslân út Wommels fernimme dat ek.

Benammen de nije KTM motoaren dogge it goed, se sjogge der flitsend út en it komfort is goed. Neffens Menne Kooistra fan Kobo Motoren Drachten is it in goed teken dat minsken har hobby wer beoefenje wolle en kinne nei de krisis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)