Ferkeap krystbeammen begûn

06 des 2010 - 15:44

Nei it Sinteklazewykein is der in run op krystbeammen. De krystbeamhannel hie sneon, de dei foar Sinteklaas, al in poerbêste dei. Mar moandeitemoarn stiene guon keapers al om acht oere op 'e stoepe. Sa seach krystbeamhanneler KP de Jong fan de Dompbuorkerij oan de Groenedijk yn Snits de klanten al betiid ferskinen.

In wyt wintertek oer Fryslân makket dat de sfear ek al wat krystachtich oandocht. It is moandei wol op in soad plakken mistich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)