Ferkeap Iselmariel ynsakke

11 okt 2000 - 15:58

De ferkeap fan Iselmariel is de lêste trije wike mei 30 oant 50% ynsakke, neffens de gruthannel yn swietwetterfisk. De ferkeap is weromrûn troch de warskôging fan minister Brinkhorst dat der dioksine yn 'e Iselmariel sit.

Neffens de minister is it ûnferstannich om faker as ien kear yn 'e wike Iselmariel te iten. De fiskhannel hechtet net in soad belang oan de warskôging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)