Ferkeap hierwenten rint min

27 jul 2009 - 17:16

De minne ferkeap fan hierwenten besoarget wenningstifting 'Wonen Noordwest Friesland' in strop fan 2,7 miljoen euro. Wonen Noordwest Friesland hat op dit stuit noch 21 hierhuzen yn de ferkeap stean, mar troch de ekonomyske krisis is der hast hielendal gjin belangstelling foar.

De wenningstifting brûkt de opbringst fan de hûzen oars foar nije projekten. In diel fan dy projekten kin no net trochgean. Yn de hjerst besjocht Wonen Noordwest Friesland hokker dat binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)