Ferkeap fan wenningen yn Fryslân hellet oan

15 jan 2015 - 10:05

De sifers fan Fryske wenningmerk binne oer 2014 better as ferwachte. Dat seit de NVM. Yn it fjirde fearnsjier fan ferline jier binne 1193 wenningen ferkocht. Dat is 25 persint mear as yn deselde perioade yn 2013. It totaal oantal ferkochte wenningen yn Fryslân wie ferline jier 4074. Dat is in groei fan 38 persint yn fergelyk mei 2013. Yn dat jier binne 2949 huzen ferkocht.

De huzeprizen sakken wol. In hûs keapje wie yn it lêste fearnsjier fan 2014 1,2 persint goedkeaper as yn deselde perioade yn 2013.

It lanlike byld lit lykwols een priisstiging fan 3,5 persint sjen. De gemiddelde priis fan in ferkochte wenning leit no op 215.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)