Ferkeap fan fytsen Accel Group earste kwartaal is poerbêst

23 apr 2015 - 09:42
  • De e-bike is hjoed-de-dei wakker populêr

Fytsefabryk Accell Group op It Hearrenfean hat de earste trije moannen fan dit jier mear fytsen ferkocht as yn deselde perioade ferline jier. It fabryk docht it dêrmei better as dat it sels tocht hie. Moai waar yn Europa hat soarge foar de goede ferkeap. It wienen benammen de djoerdere elektryske fytsen en sportive fytsen dy't ferkocht waarden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)