Ferkeap driget foar Parnas-hûs

15 apr 2010 - 16:46
  • It histoaryske pân dêr't Parnas yn sit

De gemeente soe it histoaryske pân dêr't Parnas yn sit ferkeapje wolle en de muzyk- en kreativiteitslessen oer de stedswiken ferspriede. Direkteur Geert Drion fan Parnas is slim rekke troch it nijste besunigingsplan.

Neffens Drion is krekt foar miljoenen gemeentejild yn it gebou ferspikere om de 3000 kursisten ûnderdak te bieden. Ferkeap fan it haadgebou soe de ein fan de hiele organisaasje bestjutte. Wethâlder fan kultuer Isabella Diks wegeret fierder kommentaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)