Ferkeap Cambuurkaarten rint goed

26 maaie 2004 - 00:00

De ferkeap fan seizoenskaarten rint boppe ferwachting by Cambuur. Yn trije wiken tiid binne der 800 ferkocht. Dat binne der folle mear as ferwachte nei it teloarstellende seizoen. De Ljouwerters einigen oan de ûnderkant fan de Gouden Gids-divyzje.

De ferwachting is dat no sneon de 1000e kaart ferkocht wurde sil. Foarich seizoen waarden 2000 kaarten ferkocht. De supporters ha faaks wer fertrouwen no't 6 nije spilers oanlutsen binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)