'Ferjit doarpen en wiken net'

27 apr 2010 - 00:35

De nije Súdwesthoekegemeente moat serieus wurk meitsje fan it belied foar doarpen en wiken. Dogge se dat net dan sil it dreech wurde it betrouwen fan it pleatslik belang yn de doarpen en de wenwiken te winnen.

Dat boadskip hie wethâlder Henk Boxem fan de gemeente Steenwijkerland moandei op in konferinsje oer de weryndieling yn Boalsert. Yn de gemeente fan Boxem barde soks net en wie der ek gjin jild beskikber foar de plannen út de doarpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)