Ferhúzje kostet gjin stúdzjepunt

14 des 2005 - 11:27

Bûtenlânske studinten dy't fuort wolle út de wenkontainers oan de Rengersleane yn Ljouwert kinne dat gewoan dwaan. Gjin inkele fan de trije hegeskoallen yn de stêd sil stúdzjepunten ôfnimme om ferhúzjen foar te kommen.

Studinten hiene hjiroer by de ESN, de feriening foar bûtenlânske studinten, oan de bel lutsen. De studinten binne bot ûntefreden oer de akkomodaasje en fine dat se oan de Rengersleane fiersten te folle betelje moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)