Ferhuzing Weidenaar útsteld

26 jan 2004 - 00:00

De ferhuzing fan slachterij Weidenaar nei Dokkum giet earst net troch. It pân is net goedkard troch de keuringstsjinst fan waren. Weidenaar hopet no oer twa wike ferhúzje te kinnen. De winkel yn Nijewier bliuwt ticht.

Freed wurke de súksesfolle slachterij foar it lêst yn Nijewier, en dat waard fierd. Nei no blykt in bytsje te betiid. Oan it gebou yn Dokkum mankeare noch wat dinkjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)