Ferhuzing út 'skimmelhûs' wei

22 des 2006 - 14:40

De famylje Nonnemaker fan Stiens krijt in oare wente. Harren hierhûs yn 'e Dr. Wumkesstrjitte wie sa fochtich dat de sûnens fan 'e bern dêrûnder te lijen hie.

Woonbedrijf Leeuwarden liet de oarsaak fan 'e problemen ûndersykje. Bliken die dat de stiennen yn 'e tún de oarsaak binne. De tún wie safolle belein dat de drainaazje net goed wurke en it reinwetter de hûs ynrûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)