Ferhuzing pasjinten fertraagd

30 aug 2004 - 11:23

De ferhuzing fan de lêste 24 psychiatryske pasjinten fan De Westerpoort yn Frjentsjer nei de Batting yn Harns, giet foarearst net troch. De Geestlike Sûnenstsjinst hat in tekoart fan hast twa ton foar de ferbou fan ferpleechhûs De Batting.

De pasjinten soene de kommende moanne ferhúzje. It útstel fan de ferhuzing betsjut ek dat de ferkeap fan de Westerpoort fertraging oprint, en dat wylst der wol belangstelling foar is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)