Ferhuzing Pantera fertrage

27 sep 2011 - 16:51

De ferhuzing fan rôfdiereopfang Pantera yn Nijeberkeap rint flink achter op skema. Eins hienen se yn july ferhúzje sillen nei Noard-Hollân, mar it nije ûnderkommen is noch net klear.

De fertraging jout ekstra gelegenheid om de 27 grutte katten te trainen om yn in transsportkoai te sitten. Dan kinne se sûnder ferdôving ferhuze wurde. Yn de nije opfang yn Anna Paulowna wol stichting Pantera it profesjoneler oanpakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)