Ferhúzing haven Grou

17 okt 2006 - 23:09

De haven fan de Grouster wettersportferiening, GWS, yn Grou wurdt ferpleatst. De haven moat ferhúzje omdat de gemeente Boarnsterhim it plan 'Wetterfront' útfiere wol.

It doarp Grou moat better oanslúte op it wetter en dêrom moat de haven fuort. Belangryk ûnderdiel is in lange kuier-boulevard oan it wetter, by it hiele doarp del, werby de minsken ek oer it terras fan it Theehûs kuierje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)