'Ferhuzing grutte ferrassing'

24 sep 2014 - 17:47
  • Rjochtbank Ljouwert

It foarnimmen fan de rjochtbank Noard-Nederlân om de kantoarlokaasjes fan Ljouwert en Assen te ferhúzjen nei Grins, komt foar de ûndernimmingsried as in grutte ferrassing. De UR fynt de gong fan saken spitich. Dat lit de ried yn in skriftlike parseferklearring witte.

No't it ferhúsplan konkreet liket freget de ûndernimmingsried it rjochtbank-bestjoer om gau in ynstimmingsfersyk yn te tsjinjen by de ûndernimmingsried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)