Ferhuzing bewenners Parkhove

05 mrt 2014 - 06:09
  • Ferhuzers oan it wurk by Parkhove
  • Opheffingsútferkeap yn Parkhove

De ferhuzing fan de bewenners fan ferpleechhûs Parkhove yn Ljouwert is yn folle gong. Dizze wike nimme de bewenners en it personiel ôfskie fan Parkhove, dat foar de simmer sloopt wurde sil om plak te meitsjen foar nijbou. De njoggentich bewenners krije tydlike húsfesting yn soarchsintrum Greunshiem.

Soarchynstelling Palet sil nei de sloopwurksumheden 54 wenten foar deminte minsken en 60 oanleunwenten bouwe op de eardere lokaasje fan Parkhove. De bou moat yn 2016 klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)