'Ferhuzing Bergsma spitich'

15 aug 2011 - 12:10

De ferhuzing fan gruthandel Bergsma út Makkum wei is spitich, hielendal omdat der folle mear bedriuwsgebouwen leechstean. Dat is de earste reaksje fan doarpsbelang op it nijs dat Bergsma nei in leechsteand grut meubelfabryk yn Frjentsjer giet.

Yn Makkum bestie ferset tsjin de útwreiding fan de gruthandel op in nij plak. Doarpsbelang hopet dat der gau in nije bestimming komt foar it âlde gebou. By Bergsma wurkje 100 minsken, in soad Makkumers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)