Ferhierders Amelân feriene

02 mrt 2006 - 14:50

Ferhierders fan húskes op It Amelân hawwe harren feriene yn in nije organisaasje. Woansdei wie de oprjochtings-gearkomste yn Ballum. In 85-tal ferhierders binne oanmeld foar de belange-organisaasje.

De ferhierders wolle mei-inoar komme ta bettere ynformaasje op ynternet. Boppedat wolle se gearwurkje yn it oplossen fan problemen lykas dûbele boekings, it skjinmeitsjen fan akkomodaasjes en oare saken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)