"Ferheging BTW yn de rekreaasjesektor kostet banen"

24 mrt 2015 - 15:28
  • Hingmattetoerisme

As de BTW ferhege wurdt foar de rekreaasjesektor, dan kostet dat yn Fryslân mooglik wol twatûzen banen. Dat seit brânzje-organisaasje Recron yn Fryslân. De ferheging fan de BTW hat as doel om it tal banen yn de rekreaasjesektor te ferheegjen, mar de Recron is benaud dat it tsjinoerstelde bart.

De sektor is benaud dat minsken net mear yn Nederlân mei fakânsje geane, mar nei it bûtenlân, dêr't it BTW-taryf leger leit. Foaral lytse bedriuwen kin it de kop kostje. De Twadde Keamer praat der woansdei oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)