Ferhege dioksine-útstjit metten by ôffaloven Harns

22 des 2015 - 20:59
  • De ôffaloven yn Harns

De mjitstasjons dy't om de ôffaloven yn Harns stean, hawwe yn oktober dit jier ferhege wearden fan útstjitgassen metten. It binne de resultaten fan de tredde mjitting yn in searje fan alve.

In jier lang wurde oanienwei mjittings dien yn de skoarstien by de ôffaloven. Der wurdt let op de útstjit fan dioksinen, furanen en PCB's.

De Begeliedingsgroep, de gemeente Harns en de provinsje binne skrokken fan de resultaten en wolle sa gau as mooglik witte oft de mjitten wearden klopje en wat de oarsaak is.

Folkssûnens

Ferwachting is dat de folkssûnens net yn gefaar west hat. Der hawwe no fjouwer mjittings west. Yn augustus, septimber en ek yn novimber binne der gjin ôfwikings konstatearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)