Ferheard oer útspraak ûntslach

08 sep 2011 - 10:08

De provinsje is fernuvere oer de útspraak fan de heechste rjochtbank foar amtners oer it ûntslach fan Margaret Beckers. Neffens de Sintrale Ried fan Berop hie de provinsje har net ûntslaan mocht. Beckers krige yn 2007 dien. Se hie ynformaasje lekt nei de krante.

Eardere rjochters bepaalden dat de provinsje Beckers terjochte ûntslein hat. De heechste rjochter sjocht dat oars. Provinsjale steaten beslute takom wike hoe't it no fierder moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)