Ferhannelde froulju meie bliuwe

16 aug 2006 - 17:12

Slachtoffers fan minskehandel meie tenei fan minister Verdonk fan Fremlingensaken yn it lân bliuwe. Betingst is dan wol dat se oanjefte dien hawwe en dat de minskehanneler feroardield is. Ek krije se in ferbliuwsfergunning as se trije jier lang meiwurke hawwe oan de opspoaring fan de dieder.

Oant no ta moasten de slachtoffers, meast prostituees, werom nei har eigen lân as it ûndersyk dien wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)