Ferhalerûte troch histoarysk Drylts lansearre

16 okt 2015 - 19:16

Kuierje troch it Drylts fan 1868, sûnt freed is dat mooglik. In protte fan de histoaryske gebouwen fan doe steane der no noch, lykas de fabryk fan Nooitgedagt en de houtseachmûne De Rat. Ferhalen dêroer binne no fia in webside te beharkjen. Dat kin ek mei in smartphone.

De ferhalen steane ek yn in rûteboekje dat op ferskate plakken yn Drylts te krijen is. De rûte is in inisjatyf fan de Stichting Drylts 750. Dy stichting wol yn 2018 ferskate eveneminten organisearje yn de stêd. Dan hat Drylts 750 jier stêdsrjochten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)