Fergunningen Boalsert djoerder

21 jun 2003 - 00:00

De kosten dy't yn de gemeente Boalsert betelle wurde moatte foar boufergunningen, geane nei alle gedachten omheech. B&W wolle mei de hegere ynkomsten in buro betelje, dat de bou-oanfragen better beoardielt.

Dat buro moat dan benammen sjen nei de konstruksje fan de bouwurken. It ministearje fan Folkshúsfesting hat Boalsert der koartlyn op wiisd dat dy kontrôle better moat. De rie nimt der yn augustus in beslút oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)