Fergunning sintrale doocht net

24 aug 2011 - 11:11

Deputearre Steaten fan Fryslân en Grinslân en it ryk moatte har opnij bûgje oer in fergunning foar de bou fan de koalesintrale yn de Eemshaven. De fergunning ha de trije partijen yn 2008 jûn ha.

De Raad van State fynt dat der te min ûndersyk dien is nei de gefolgen fan de koalesintrale foar de Waadsee en de Waadeilannen. De bou fan de sintrale moat fuort stillein wurde. Fryslân is belutsen by de fergunningferliening fanwege it Waad en de eilannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)