Fergunning Sahar moat noch

23 apr 2011 - 14:19

De advokaat fan it Afgaanske famke Sahar begjint in nije proseduere. Ek al hat Sahar twa wike lyn te hearren krigen dat se yn Nederlân bliuwe mei, in offisjele ferbliuwsfergunning hat se noch altyd net krigen. Dy hat de famylje wol nedich foar it sykjen nei wenromte, wurk en ûnderwiis.

Advokaat Stieger wol no mei in nije proseduere sa'n ferbliuwsfergunning ôftwinge. As dy der binnen twa wike net is, stapt er nei de rjochter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)