Fergunning Prikkedaam moat oer

18 jun 2014 - 14:16
  • Motorcross

De gemeente Eaststellingwerf moat de fergunning foar de útwreiding fan motorcrossterrein Prikkedaam yn Makkingea op 'e nij fêststelle. Dat hat de Ried fan Steat woansdei bekend makke. Omwennners meitsje beswier tsjin de útwreiding fan it terrein. Net allinnich de crossbaan soe útwreide wurde, mar ek moat der in jeugdcrossbaan komme.

De omwenners fine dat der te min rekken hâlden is mei de lûdsoerlêst dy't dat feroarsaakje sil en de Ried is it hjir mei iens. Foaral no't it terrein ek faker brûkt wurde sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)