Fergunning freugdefjoer D'diel

09 okt 2013 - 17:34

De gemeente Dongerdiel makket de regels foar it hâlden fan freugdefjoeren stranger. Dit docht de gemeente nei oanlieding fan it ûngelôk yn Raard yn de lêste âldjiersnacht en omdat de regels net altiten strikt folge waarden.

Doarpen moatte tenei in fergunning oanfreegje foar in freugdefjoer. Op dizze wize kin de gemeente better oersjoch hâlde op de eveneminten en de feiligens. Ek betsjut in ûntheffing dat der ien persoan ferantwurdlik wurdt foar de organisaasje en as oansprekpunt foar de gemeente funksjonearje kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)