Fergunning foar sintrale Harns

17 des 2008 - 10:06

De nije reststoffe-enerzjysintrale dy't Omrin bouwe wol by Harns krijt dochs in miljeufergunning fan de provinsje. Mar it giet wol om in folle strangere fergunning as earst tocht.

Sa moat Omrin om de fjouwer jier in ûndersyk dwaan nei de nijste techniken op it mêd fan ôffalferwurking. As dan bliken docht dat de sintrale by Harns skjinner wurde kin, dan moatte se dy nije technyk ek tapasse. Derneist moat de sintrale al earder oan strange útstjiteasken foldwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)