Fergrizing foaral yn Noarden

17 aug 2006 - 11:43

Noard-Nederlân is ien fan de regio's dêr't de fergrizing yn Nederlân him konsintreare sil. Dat docht bliken út de takomststúdzje 'Nederland in 2015' fan it Ministearje fan Ynlânske Saken.

Der stiet ek yn dat it plattelân hjir net leechrinne sil, lykas yn Frankryk en Spanje, omdat it hiele lân goed berikber is. Der wurdt ek foarsein dat gemeenten dêr't in soad nije hûzen boud wurde, lykas yn Ljouwert, it rapste groeie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)