'Fergoeding Marsman ôfspraak'

05 jun 2014 - 12:57

De KwadrantGroep út Snits koe net oars as âld-bestjoerder Chris Marsman in ûntslachfergoeding fan 370.000 euro betelje. Dat seit wurdfierder Jouke Wijnalda fan de KwadrantGroep. Marsman stiet mei goed in heal miljoen op it earste plak fan dikfertsjinners yn de âldereinsoarch, mei troch it grutte bedrach dat er ferline jier krige as ûntslachfergoeding.

De bestjoerder krige ein 2012 in konflikt mei de ried fan bestjoer en naam yn 2013 ôfskied. Yn it kontrakt stie in klausule dy't bepaalt dat hy rjocht hat op in fergoeding fan dit bedrach.

Sa'n bedrach (trije kear in jierlean) falt lestich te rymjen mei de besunigings yn de soarch, fynt ek wurdfierder Wijnalda. De nije Wet Normering Topinkomens moat der foar soargje dat bestjoerders in maksimum fan 75.000 euro as fergoeding meikrije kinne by ûntslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)