Fergoeding foar Monumintewacht

21 feb 2007 - 11:23

De gemeente Smellingerlân betellet foar de eigners of bewenners fan monuminten in abonnemint op de Monumintewacht Fryslân. Sa'n abonnemint kostet 50 euro. De gemeente docht dat omdat se it belangryk fynt dat de monuminten op tiid ûnderhâld krije.

Wenhuzen en pleatsen wurde ien kear yn de twa jier kontrolearre. Der wurdt dan in rapport opmakke mei dêryn advizen foar wurksumheden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)