Fergetten liet fiskersramp

04 maaie 2013 - 11:32
  • Museum It Fiskershúske yn Moddergat

By de betinking fan de fiskersramp fan Peazens-Moddergat is freed in liet opfierd dat 130 jier lyn skreaun waard foar de neibesteanden, mar dêrnei folslein fergetten waard. Begjin maart 1883 fergie de float fan it doarp yn in swiere stoarm. It doarp ferlear 83 manlju en jonges. Om jild yn te sammeljen foar de widdofroulju en weesbern waard in muzykstik skreaun en útfierd op 4 maaie 1883.

Dokumentêremakker Johann de Graaf djippe it stik op út de argiven en frege sjonger Gerrit Breteler it opnij te sjongen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)